Swimbad Haulewelle twa wike langer iepen

28 aug 2015 - 10:13

Swimbad Haulewelle yn Haulerwyk bliuwt twa wiken langer iepen. Neffens it swimbad hawwe de ynwenners fan Waskemar, De Haule en Haulerwyk hjir om frege. Omdat de waarsferwachting foar de kommende perioade goed liket, is it beslút om langer iepen te bliuwen naam. De santich frijwilligers dy't by it bad belutsen binne soargje derfoar dat dit mooglik is en dat it net tefolle kostet.

It swimbad hat dit seizoen hast 20.000 besikers hân. Nei it minne foarseizoen is it bestjoer hjir tige oer te sprekken.

En der is noch mear leuk nijs foar Haulwelle. TV-programma Radar hat dizze wike opnamen makke. Troch soarchbuorkerij ZieZoo út Zevenhuizen is it swimbad nominearre foar de waarme dûs. De opnamen binne ein septimber op tv te sjen.

Trefwurden: 
swimbad Haulerwyk Haulewelle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)