Soarchsintrum of apparteminten yn gemeentehûs Wymbrits

28 aug 2015 - 08:59

It eartiidse gemeentehûs fan Drylts wurdt mooglik in soarch- of tsjinstesintrum mei apparteminten. Dat sei boargemaster Apotheker tongersdei yn in kommisjegearkomste. De ried moat dan wol earst beslute om alle gemeentlike ôfdielings yn Snits ûnder te bringen en it Dryltser gemeentehûs te ferkeapjen.

Op dit stuit wurkje der noch sa'n 100 amtners yn Drylts en de ried fergaderet der ek. Der binne twa opsjes. Hâlde sa't it no is of alles nei Snits. Beide opsjes kostje tusken de 16 en 17 miljoen euro, want der moat ferboud wurde.

Alles nei Snits is goedkeaper en better foar it amtlik apparaat, neffens it kolleezje fan b. en w. Der binne lykwols in soad fragen by de riedsleden oer de parkeardruk en kosten. De ried is ferdield. Yn septimber of op syn lêst yn oktober sil de gemeenteried in beslút nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)