Undernimmers tefreden oer de simmer fan 2015

28 aug 2015 - 08:16

De measte rekreaasje-ûndernimmers sjogge posityf werom op de simmer fan 2015. Dat seit Petra Ellens fan de Recron. De rekreaasjebedriuwen op de Waadeilannen sprekke sels fan in topsimmer. Op guon dagen wiene sels alle hierfytsen útferkocht.

Ek op de fêste wâl binne kampearbedriuwen en húske- en boatsjeferhierders tefreden. De maaitiid wie min, mar de moaie simmer hat in soad goed makke. Wolle binne der feroarings yn it gedrach fan de toeristen: sa wurdt der, benammen troch Nederlanners, hieltiid letter boekt.

Ek binne in soad toeristen mear út op lúkse. De saneamde glamping, it lúkse kampearen, liket troch te setten. It hiel simpel kampearen nimt ôf; guon kampearders nimme net iens mear de muoite om har tinte ôf te brekken en nei hûs mei te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)