Poepjes: Opnij prate mei Heijmans oer beteljen izerflechters

28 aug 2015 - 07:56

Deputearre Sietske Poepjes sil opnij mei boubedriuw Heijmans om tafel oer de Hongaarske en Nederlânske izerflechters dy't wurke hawwe oan it akwadukt by de Drachtsterbrêge. Poepjes wol derfoar soargje dat se har jild sa gau mooglik krije. De boufakkers wurken foar útsjoerbedriuw AOK út Brabân, mar dat bedriuw hold him net oan de cao. Boppedat is it bedriuw ticht by in fallisemint.

Wetlik sjoen moat útfierder Heijmans dan foar kompensaasje opdrave. Fakbûn FNV wol dat de opdrachtjouwers, lykas de provinsje, betelje.

Deputearre Poepjes is it net iens mei it stânpunt fan FNV en fynt dat se soks net mei mienskipsjild finansiere kin. Der moat neffens Poepjes wol gau in goeie oplossing komme foar de ûnderbetelle izerflechters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)