Ofspraken makke oer behear Waadgebiet

27 aug 2015 - 20:11

Trettjin gemeenten dy't oan de Waadsee lizze hawwe ôfspraken meielkoar makke oer hoe't se omgean wolle mei it wetter, de kwelders en de fargeulen yn it Waadgebiet. Yn de spesjale mienskiplike behearsferoardering dy't se no opsteld hawwe foar it seegebiet is ûnder oaren fêstlein hoe dat omgien wurdt mei ûnderwetter-archeology en ûntwikkeling fan de kwelders.

Mei de mienskiplike ôfspraken wurdt foarkommen dat alle trettjin gemeenten mei in eigen bestemmingsplan komme moatte foar harren stikje fan de Waadsee.

Sa wurde der kosten útsparre en it soarget foar mear dúdlikheid nei bûten ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)