Gadingmakker foar Van Heemstraskoalle Aldwâld

27 aug 2015 - 19:17
  • Van Heemstraskoalle Aldwâld
  • De offisjele oprjochtingsstien út 1775

Der is gadingmakker foar de âldste iepenbiere skoalle fan Fryslân; de Van Heemstraskoalle yn Aldwâld. De gemeente Kollumerlân wol noch net sizze wa dit is. De skoalle is yn 1775 oprjochte troch baron Van Heemstra, mar moast slute yn ferbân mei te min learlingen.

Der hat op it plak oan de Foarwei altyd in skoalle stien. Der is sels al ris in hiele nije skoalle delset. Allinnich de offisjele oprjochtingsstien yn de gevel is dêrby bewarre bleaun.

De skoalle mei net platsmiten wurde en kin brûkt wurde troch maatskiplike organisaasjes en ek bedriuwen. De gemeente en doarpsbelang wolle dat it gebou ek yn de takomst wer in rol yn it doarp krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)