Ald-boargemaster Bats fan Skylge net ferfolge foar korrupsje

27 aug 2015 - 17:55

Ald-boargemaster Rob Bats fan Skylge wurdt net ferfolge foar korrupsje. Bats soe troch twa VVD-riedsleden fan de gemeente Stichtse Vecht nei foaren skood wêze om dêr boargemaster te wurden. Hij soe ek geheime ynformaasje oer de sollisitaasjeproseduere krigen ha.

Dy twa VVD-ers wurde wol ferfolge, fanwege skeining fan it amtsgeheim en it skeinen fan de geheimhâldingsplicht. Ien fan har is Kathalijne de Kruif, dy't ek foar de rjochter stiet foar it wytwaskjen fan krimineel jild.

Trefwurden: 
Skylge boargemaster Rob Bats
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)