Gondelfeart Droegeham wol Nederlânsk kultureel erfguod wurde

27 aug 2015 - 16:48

It bestjoer fan de gondelfeart-op-tsjillen yn Droegeham wol dat it evenemint Nederlânsk kultureel erfguod wurdt. In delegaasje hat fanút Droegeham nei Utert west om dêroer te praten. Oer in pear wiken, op freed 18 en sneon 19 septimber, wurdt de gondelfeart yn Droegeham foar de 46ste kear holden.

Foarsitter Willem Koster fan de gondelfeart-op-tsjillen wol de takomst fan it evenemint feilichstelle. Dat bart neffens Koster as it op de list fan ymmaterieel kultureel erfguod komt te stean.

Op dy list stean ek de Hylper kultuer en it Frysk houtsnijwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)