Rutger Hauer iepenet Van Gogh tentoanstelling Drachten

27 aug 2015 - 16:29

Akteur Rutger Hauer iepenet no sneon in bysûndere tentoanstelling oer Vincent van Gogh yn it Karmelkleaster yn Drachten. Op de tentoanstelling binne bewurke skilderijen fan Van Gogh te sjen. Doe't hy begûn te skilderjen, kaam de syntetyske ferve krekt op de merk. Van Gogh hie doe al yn de gaten dat dat guod wol gau ûndúdlik waard en dat wie ek sa.

Syn skilderijen ha folle mear kleur hân as no noch te sjen is. Saakkundigen ha mei spesjale apparatuer de orizjinele kleuren werombrocht.

De wurken fan Van Gogh binne dêrnei op 'e nij makke en op keunststof ôfdrukt en dat is te sjen yn it Karmelkleaster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)