Afûk min te sprekken oer ôfskaffing Frysk op Marne kolleezje

27 aug 2015 - 15:54

Direkteur Koen Eekma fan de Afûk hat der gjin goed wurd foar oer dat it Marne kolleezje yn Boalsert ophâldt mei it jaan fan Frysk. Reden is dat der te min animo foar is, seit de direksje. Der binne te min learlingen dy't der eineksamen yn dogge. Mar neffens Eekma komme dy der hielendal net as je it fak ôfskaffe.

De Afûk-direkteur wiist derop dat as je it Frysk op skoalle stimulearje, de bern der krekt foar kieze. Sifers bewize dat, seit Eekma.

In stikje út de brief fan Koen Eekma:

"It is spitich dat de nije rektor fan it Marne kolleezje net kiest foar dy stimulearjende rol en him fiksearret op it tal eksamenkandidaten. It soe moai wêze as er him liede litte soe troch oare arguminten as it rendemintstinken. Fryslân is in meartalige provinsje. Wy binne dêr grutsk op en wolle ús bern graach de kâns biede om harren meartalich te ûntwikkeljen. Dêr heart goed ûnderwiis by yn de taal dy’t foar in protte bern harren earste taal is. En ek foar bern dy’t net fan hûs út Frysktalich binne, is it wichtich om Frysk te learen om op in folweardige wize dielnimme te kinnen oan it maatskiplike en kulturele libben yn ús provinsje.

Yn it fraachpetear seit de rektor dat hy dit beslút krekt mei hert foar de saak nommen hat. It is dan wol frjemd dat dosinten Frysk dêr net yn meinommen binne en dat sy dizze ‘ferbettering’ net ûnderskriuwe. Gelokkich seit er ek dat it giet om in proef foar dit skoaljier. As er goed nei alle reaksjes harket en him nochris better foarljochtsje lit, soe ik him riede wolle om dêr no mar mei op te hâlden.
Koen Eekma, direkteur Afûk."

Lês hjir de folsleine brief.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)