Jazzclub Friejam en learorkest Ananazz sille gearwurkje

27 aug 2015 - 15:37
  • Saksofoan

Jazzorganisaasje Friejam en it learorkest Ananazz út Ljouwert sille gearwurkje. Friejam besiket sa om mear jongeren entûsjast te meitsjen foar jazz en ymprovisearre muzyk. Ananazz is in jongereinorkest mei in repertoire mei fariaasje. It foel earst ûnder de eardere kultuerele organisaasje Parnas yn Ljouwert.

Mar omdat dy opheft is, hat de orkestlieder gearwurking socht mei Friejam. Dat jout al workshops oan folwoeksenen, mar hat mei help fan Ananazz jongeren no ek wat te bieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)