Nordwin College nominearre foar Duurzame Dinsdag-prijs

27 aug 2015 - 15:06

Skoallemienskip Nordwin is nominearre foar de Duurzame Dinsdag-prijs. Dat is in priis foar goeie ideeën op it mêd fan duorsumheid. Nordwin hat as plan om him op termyn hielendal sels te rêden op it mêd fan iten, wetter en enerzjy. De skoallelokaasjes wolle dêrfoar gearwurkje mei de minsken yn de buert.

Se hawwe bygelyks in skoaltún en kassen. It idee wurdt no tiisdei mei trettjin oare plannen oanbean oan it regear. Dan wurdt ek bekend hokker idee de Duurzame Dinsdag-priis wint.

Trefwurden: 
duorsum Nordwin College
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)