BMD fynt dat de Omrop hielendal selsstannich fierder moat

27 aug 2015 - 14:51

Omrop Fryslân moat hielendal selsstannich fierder, los fan Hilversum of de oare regionale omroppen. Dat seit foarsitter Frâns Kuipers, fan de stifting BMD. Dat stiet foar Brede Maatskiplike Diskusje oer it Frysk. Kuipers neamt de omrop 'de belangrykste faktor foar it fuortbestean fan de Fryske taal' en ferwiist nei de posysje fan it Frysk as erkende Rykstaal.

Neffens him is it needsaaklik dat de Omrop ek sûnder al tefolle betingsten stipe wurdt mei in foars poarsje ekstra struktureel jild.

Der soe in ûnôfhinklik bestjoer komme moatte, sûnder djoere bestjoerders fan bûten de provinsje. Bygelyks mei leden of in ôffurdiging fan maatskiplike organisaasjes. De BMD-foarsitter fynt dat de Omrop ûnmisber is as kulteurdrager.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)