Veenema Olie ek aktyf op de Dútske merk

27 aug 2015 - 13:05

Veenema Olie yn Snits is fan 1 septimber ôf ek aktyf op de Dútske merk. Dêrfoar hat it bedriuw Veenema Chemicals BV opsetten. Veenema keapet bulkprodukten by Shell en Total Europe, om dy dêrnei te ferwurkjen en te ferkeapjen oan ûnder oaren de oaljehannel yn Dútslân.

Veenema wol ek syn besteande produkten yn Dútslân oan de man bringe. Veenema Olie yn Snits hat goed 50 meiwurkers.

Trefwurden: 
oaljehannel Veenema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)