Flaggeskip Grinslân fart op Noarderbrêge Ljouwert

27 aug 2015 - 10:48

It flaggeskip fan Grinslân, de 'Voorwaarts Voorwaarts', is tongersdeitemoarn skansearre rekke troch in oanfarring mei de Noarderbrêge yn Ljouwert. Dêrby is ien persoan ferwûne rekke.

Ien fan de kabels bleau hingjen achter de brêge. Dêrtroch binne twa mêsten ôfbrutsen. It slachtoffer soe rekke wêze troch de fallende mêsten. De Voorwaarts Voorwaarts is mei finansjele stipe fan de gemeente en de provinsje Grinslân behâlden. It skip is ek in offisjele troulokaasje yn Grins.

Skip tsjin brege ......

Posted by Willem Waldpyk on donderdag 27 augustus 2015

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)