Himmelaksje Noardseestrân tongersdei ôfsletten op Skier

27 aug 2015 - 08:18

Op Skiermûntseach wurdt tongersdei de tredde edysje fan de skjinmakaksje fan de Stichting De Noordzee ôfsletten. Dy begûn op 1 augustus yn Cadzand. Sawat 1200 frijwilligers makken dizze hiele moanne augustus parten fan it Noardseestrân skjin, in ôfstân fan 350 kilometer. Ek de waadeilannen kamen dus oan bar.

It strân leit neffens de stichting De Noordzee fol mei smoargens. Per 100 meter strân lizze der gemiddeld 400 pûdsjes, blikjes, fleskes of stikken tou. As dat net opromme wurdt, is dat gefaarlik foar it libben yn de see.

De lêste skjinmakaksje is dus tongersdei op Skiermûntseach en dat is by strânpaviljoen De Marlijn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)