Advys om net Ljouwerter Bosk yn te gean fanwege min waar

26 aug 2015 - 16:47
  • Stoarmskea yn bosk

De gemeente Ljouwert advisearret minsken om woansdeitejûn en -nacht net de Ljouwerter Bosk yn te gean. Der is kâns op tonger, in soad rein en foaral hurde wynstjitten. Ferskate waartsjinsten ha warskôge foar it minne waar dat kommendeweis is.

Yn de Ljouwerter Bosk is noch in protte skea fan de foarige stoarm en dat is allegear noch net opromme. De feiligens fan besikers kin net garandearre wurde, lit de gemeente witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)