Harnzer fiskerijdagen foar 56e kear begûn

26 aug 2015 - 16:25

De fiskerijdagen yn Harns binne woansdei begûn. It festival yn de havenstêd wurdt foar de 56e kear hâlden en duorret fjouwer dagen. It is ien fan de grutste Fryske feesten yn Fryslân en lûkt al jierren tsientûzen besikers. Yn 2010 waard it sels útkeazen ta bêste regio-evenemint fan Nederlân.

Op de iepeningsdei is der in standwurkerskonkoers. De kommende dagen is der muzyk, dûns, keunst en sport en fansels tobbedûnsjen.

Trefwurden: 
Harns fiskerijdagen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)