Jild foar ynnovative dongfergêster by Dairy Campus

26 aug 2015 - 14:18

It ynternasjonale gearwurkingsferbân Biogas-Leeuwarden BV krijt seis miljoen euro foar de realisaasje fan in ynnovative dongfergêster op de Dairy Campus by Ljouwert. De jilden komme fan it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy en it Nationaal Groenfonds.

Dairy Campus wurket al sûnt 2007 oan in ambisjeus projekt wêrby't ûndersyk dien wurdt nei suvelprodukten en produksje. Dongfergêsting wurdt dêrby hieltyd belangriker. Der nije ûntwikkele technyk makket it mooglik om bygelyks bermgers en hout te brûken as fergêstingsmateriaal.

De materialen binne folle goedkeaper en smite somtiden sels jild op. Dairy Campus sil dêr no dus ek mei oan de slach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)