Ferwûne by ûngelok mei fytsers yn Wytmarsum

26 aug 2015 - 12:06

Twa fytsers út Wytmarsum binne tiisdeitejûn yn harren wenplak mei elkoar yn botsing kaam. It giet om in 37-jierrige man en in 68-jierrige frou. De man hie syn 5-jierrich soantsje achterop en op de stange foarop siet noch in 4-jierrich soantsje. De man woe syn kilometerteller fêstsette en moast op dat momint in bedriuwsbus foarby. Hjirtroch kaam hy op de linkerhelte fan de dyk telâne en botste op de 68-jierrige frou.

De frou rekke swier ferwûne en is nei it MCL yn Ljouwert brocht. De man en de beide bern ha allinnich wat skrammen oprûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)