Rappe oanhâlding troch sprinklerynstallaasje by ynbraak

26 aug 2015 - 11:20

It rinnen yn in wiet pak op in yndustryterrein yn Ljouwert hat in Ljouwerter ferrieden by de plysje. De plysje hie in melding krigen fan in ynbraak by tennisferiening de Magere Weide. By de ynbraak wie de sprinklerynstallaasje ôfgien.

Yn de omkriten fan de ferienings seach de plysje de man mei syn wiete klean rinnen. Hy sei dat er by freonen weikaam, mar dit leaude de plysje net. Hy koe ek net goed útlizze hoe't er oan syn wiete klean kaam.

De plysje is noch op syk nei mear minsken dy't mooglik by de ynbraak belutsen binne. Wat der krekt meinaam is, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)