Man hellet mei falske kaai jild út stroompeallen

26 aug 2015 - 10:35

In man fan 39 jier út Koudum wurdt derfan fertocht dat er jild út saneamde stroompeallen stellen hat. De peallen steane by Balk oan it wetter foar boaten dy't oan de kade lizze. De brûkers kinne dan jild yn de peal smite en krije sa stroom.

In tsjûge hie sjoen dat de man mei in falske kaai de peallen iepenmakke en it jild derút helle. De plysje hat de man opspoard en him oanhâlden. Hy hat bekend.

Trefwurden: 
jild Balk stroompeallen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)