Man (37) fan De Harkema swier mishannele yn Boelensloane

26 aug 2015 - 09:34

In ynwenner fan 37 jier fan De Harkema is tiisdeitejûn slim mishannele. Der wie spul ûntstien yn in hûs oan de Bethlehemsreed yn Boelensloane. It slachtoffer waard mei in metalen foarwerp op syn holle slein en krige ûntsmettingsmiddel yn syn gesicht. In 67-jierrige ynwenner fan Boelensloane is as fertochte oanhâlden.

It slachtoffer is nei it sikehûs fan Ljouwert brocht. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)