Lektor bijesûnens docht ûndersyk nei de takomst fan de bij

26 aug 2015 - 07:42

Wat is de takomst fan de bij. De Ljouwerter hegeskoalle Van Hall Larenstein sil dat de kommende jierren ûndersykje. De hegeskoalle stelt derfoar as earste skoalle yn Nederlân in spesjale lektor bijesûnens oan. Undersiker Karin Steijven sil fan 15 september ôf oan de slach yn Ljouwert om benammen ûndersyk te dwaan nei hoe't de minsk better mei de bij omgean kin.

It giet op it stuit net goed mei de bij yn Nederlân. Dat hat ûnder oare te krijen mei de bestridingsmiddels dy't brûkt wurde.

De lektor moat hjir de kommende jierren in oplossing foar betinke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)