Picasso útstalling Museum Drachten fiasko

25 aug 2015 - 17:30

De grutte Picasso útstalling dy't yn it Museum Drachten te sjen wêze soe, giet net troch. Neffens museumdirekteur Paolo Martina is it wurk ûnder de maat. Sa binne lito's fan Picassso út in boek knipt en ynliste. Neffens Martina past soks net yn in museum. Hy jout ta dat er tefolle fertrouwen hân hat yn de sammeler dy't it grafysk wurk fan de Spaanske keunstner oanbean hat.

De útstalling wie earder yn Lúksemboarch en Hongarije te sjen, mar net yn musea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)