Gjin akwadukt yn rûnwei De Lemmer

25 aug 2015 - 16:53

De gemeente De Fryske Marren leit him der by del dat der gjin akwadukt komt yn de rûnwei fan De Lemmer. De gemeente hat him dêr jierrenlang sterk foar makke, omdat de dyk simmerdeis foaral hiel drok is. Mar de provinsje hat in jier lyn al sein dat dy der gjin akwadukt ha wol. Der binne wol oare plannen om de problemen mei de N359 oan te pakken.

Sa bliuwt de maksimum snelheid 70 kilometer yn de oere en komme der lûdswâlen en stiller asfalt.

Trefwurden: 
De Lemmer Rûnwei akwadukt N359
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)