Rykswettersteat slingeret 95 skippers op de bon

25 aug 2015 - 16:22
  • Kontrôle fan Rykswettersteat op it wetter

Op it Prinses Margrietkanaal hat Rykswettersteat de ôfrûne dagen 95 skippers op de bon slingere. De measten fan har stiene te stjoeren yn in rappe boat sûnder swimfest, of se hiene gjin farbewiis. Ek binne bekeuringen útskreaun foar te hurd farren of foar it net stjoerboard hâlde. Mei de aksje woe Rykswettersteat de feilichheid op it wetter ferbetterje.

Foaral yn de simmermoannen is it drok op it PM-kanaal en binne der in soad minsken dy't har net oan de regels hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)