Provinsje: Fryske fakulteit RUG no hiel tichtby

25 aug 2015 - 14:30

Oer in foarriedige namme binne de partijen it al iens: dat wurdt RUG/Campus Fryslân. De provinsje Fryslân, Ryksuniversiteit Grins (RUG) en de gemeente Ljouwert binne hast safier dat se in universitêre fakulteit oprjochtsje kinne yn Ljouwert. De trije partijen ferwachtsje dat se der ein septimber út binne, sa meldt de provinsje.

De fakulteit sil bestean út in masterkolleezje, in brede Ingelsktalige bacheloroplieding en in akademyske ûndersyksskoalle foar ûndersiken dy't mei Fryslân te krijen hawwe.

De petearen ferrinne neffens de provinsje tige konstruktyf en ek yn in goeie sfear. It folsleine plan foar de oprjochting fan RUG/Campus Fryslân wurdt oanslettend foarlein oan Provinsjale Steaten, it kolleezje fan bestjoer fan de Ryksuniversiteit Grins en de Ljouwerter gemeenteried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)