Ljouwert bringt fytsestallings ûnder oandacht studint

25 aug 2015 - 14:10
  • Fergees útdiele fan fytslampkes yn Ljouwert

De gemeente Ljouwert dielt tiisdei fergees fytslampkes út oan studinten yn de stêd. Dêrmei freget Ljouwert omtinken foar de fernijde fytsestallings oan it Saailân en yn de Sint Jacobstrjitte. Dêr kinne minsken fergees de fyts delsette as se de stêd yngean.

Der is bewaking oanwêzich en der kinne ek lytse reparaasjes oan de fytsen útfierd wurde. De beide fytsestallings hawwe ek in nij logo krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)