Wyksintrum Heechterp-Skieringen giet dochs net ticht

25 aug 2015 - 16:30

It wyksintrum fan Heechterp-Skieringen yn Ljouwert giet dochs net ticht. Earder tiisdeitemiddei makke de gemeente Ljouwert bekend dat dy it wyksintrum slute soe, omdat it bestjoer te min oan aktiviteiten docht. Der hat ek wol oerlis oer west tusken de gemeente en it bestjoer, mar dat hat gjin oplossing opsmiten. Doe't it berjocht oer de sluting kaam hat it bestjoer in advokaat ynskeakele. Dy hat de gemeente safier krigen om it wyksintrum net ticht te dwaan.

Dochs is de gemeente Ljouwert noch wol altiten fan doel om it wyksintrum te sluten.

De gemeente jout ta dat it wat te hastich west hat tiisdeitemiddei. De gemeentlike subsydzjes foar it wyksintrum wurde yn elts gefal stopset. Ljouwerter politisy binne skokt troch it optreden fan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)