Goed 30 prosint minder studinten foar Pabo-oplieding

25 aug 2015 - 13:18

Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert hat dit stúdzjejier goed 30 prosint minder nije studinten foar de pabo-oplieding. Dêrmei folget Stenden de lanlike trend. Troch de nije talittingstoetsen skriuwe folle minder studinten harren yn foar de oplieding ta learaar. Ek op NHL liket it derop dat der minder nije studinten foar de pabo kieze, mar definitive sifers dêroer komme pas yn oktober.

De talittingstoetsen binne yntusken ûnderdiel wurden fan diskusje. Sa is der in kamp dat de toetsen goed fynt, om't de nije studinten in heger nivo hawwe moatte.

Mar it skrikt ek studinten ôf, warskôgje oaren. Op Stenden binne se wol foarstanner fan de toetsen, mar der binne wol ferbetteringen nedich, seit Petra Kraaijenbrink, direkteur ûnderwiis fan de pabo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)