Frysk net mear op lesroaster fan Boalserter Marne kolleezje

25 aug 2015 - 12:53

Op it Marne kolleezje yn Boalsert stiet fan dit skoaljier ôf it fak Frysk net langer op it lesroaster. It is in beslút fan CVO Súdwest-Fryslân, dêr't it Marne kolleezje ûnderdiel fan is. Tenei krije earstejiers learlingen in 'projektwike Frysk'. Dêrby is neist de Fryske taal ek omtinken foar de Fryske kultuer. Reden foar it skrassen fan de Fryske les is dat der neffens de direksje te min animo foar wêze soe.

Neffens de dosinten Frysk fan CVO Súdwest-Fryslân is it Frysk de lêste jierren krekt populêrder wurden.

Dat soe komme troch moderne lesmetoaden dy't de lêste jierren ûntwikkele binne mei Fryske les op bygelyks de iPad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)