Kalme ôfskiedsresepsje boargemaster Stellinga Skiermûntseach

25 aug 2015 - 11:56

Sjon Stellinga hat moandeitejûn ôfskie naam as boargemaster fan Skiermûntseach. In hânfol eilanners kaam nei it gemeentehûs om Stellinga de hân te jaan. Dy makke oardel wike lyn bekend dat er syn amt delleit fanwege in relaasje mei in jongere kollega. By it ôfskie sei Stellinga bliid te wêzen dat minsken it spitich fine dat er ophâldt.

De âld-boargemaster bliuwt wol op it eilân wenjen. Dick Stellingwerf folget Stellinga op as (waarnimmend) boargemaster.

De jonge meiwurker fan de gemeente, dêr't Stellinga in relaasje mei krige, wie prominint oanwêzich op de ôfskiedsresepsje. Wethâlder Meerdink priizge de ynset fan Stellinga yn de 3,5 jier dat er boargemaster fan Skiermûntseach wie. Stellinga liet witte dat er tenei yn koarte broek syn boadskippen dwaan sil. Stellinga hat neffens eigen sizzen de ôfrûne tiid in soad stipe krigen fan de befolking fan it eilân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)