Nij amtsketting foar boargemaster Aalberts

25 aug 2015 - 11:01
  • Boargemaster Aalberts mei it amtsketting fan Skarsterlân

Boargemaster Arie Aalberts fan De Fryske Marren krijt woansdeitejûn it nije amtsketting offisjeel oerlange. It ketling is in ûntwerp fan de 20-jierrige Jasmin Kuusinen út Finlân. Sy is studinte oan de fakskoalle foar sulversmidden yn Schoonhoven. Op dy skoalle wie in wedstriid útskreaun foar it ûntwerpen fan in amtsketting foar de fúzjegemeente.

It idee foar de wedstriid kaam fan Jaap van der Meulen fan De Jouwer. Hy wie de ûntwerper fan it amtsketting fan Skarsterlân en is eksaminator op de fakskoalle yn Schoonhoven.

Kuusinen hat har foar it winnende ûntwerp ynspirearje litten troch de marren yn de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)