Havolisinsje foar Tjalling Koopmanskolleezje yn Hurdegaryp

25 aug 2015 - 10:38

It Tjalling Koopmanskolleezje yn Hurdegaryp hat in lisinsje krigen fan de minister foar havo-ûnderwiis. Dat betsjut dat learlingen no ek offisjeel eineksamen op havo-nivo dwaan meie. Earder waard de middelbiere skoalle troch de ûnderwiisynspeksje op de fingers tikke, omdat de lisinsje ûntbruts. De koepels foar iepenbier en bysûnder fuortset ûnderwiis hienen in klacht oer it Koopmanskolleezje yntsjinne by de ynspeksje.

De skoalle hat sels sein dat dat de fergunning foar havo-ûnderwiis wol komme soe en hat no gelyk krigen.

It Koopmanskolleezje is net oansletten by in skoalkoepel en stiet foar persoanlik ûnderwiis yn lytse klassen. Dat lûkt in soad learlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)