Boekferkeap fia sutelaksje yn Stellingwerven úteinset

24 aug 2015 - 20:00

Yn de Stellingwerven is de sutelaksje wer úteinset. Frijwilligers gean by de doarren del mei kroaden fol boeken. Ien fan de ferkeaptoppers dit jier moat it boek fan Johan Veenstra wurde. It boek 'Een vrouw van ivoor' is krekt foar it wykein presintearre.

PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi hie de eare de sutelaksje op gong te toeterjen. Sy set har yn de keamer bot yn foar de erkenning fan it Nedersaksysk. De opbringst fan de sutelaksje wurdt ûnder oare brûkt foar de útjefte fan nije boeken yn it Stellingwerfsk.

Doe't de Fryske sutelaksje ophold, hawwe de Stellingwervers besletten om de tradysje troch te setten. De Stellingwarver Schrieversronte fynt it wichtich om by de minsken oan de doar te kommen. Ek kinne se de jierlikse opbringst fan de Sutelaksje net misse, seit Sietske Bloemhoff fan de Schrieversronte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)