Brânwacht rukt ferskate kearen út foar stoarmskea

24 aug 2015 - 19:53

De brânwacht yn Fryslân is moandeitejûn ferskate kearen útrukt foar stoarmskea. Op de Ekers op De Jouwer hong in beam skean oer de dyk. De brânwacht hat de beam omhelle en de dyk wer frijmakke.

Der kamen ek noch meldings fan stoarmskea út ûnder mear Snits, Burgum, Tytsjerk en Hantumerútbuorren. Op Skylge kaam in strjitte hielendal ûnder wetter te stean.

Trefwurden: 
brânwacht stoarmskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)