Tal nije yntroduksjestudinten like heech as ferline jier

24 aug 2015 - 18:36

Sa'n 3500 nije earstejiers studinten wiene moandei belutsen by de yntroduksje yn Ljouwert. Dat is itselde tal as ferline jier. Dêrmei liket Ljouwert as studintestêd stabyl te bliuwen.

Leeuwarden Studiestad organisearret yn gearwuking mei de hegeskoallen en studinteferienings ûnder de namme LEIP wer tal fan aktiviteiten yn en om de stêd. Wichtichste doel is mei-inoar yn 'e kunde te kommen, mar ek mei de stêd en wat dêryn allegearre wichtich wêze kin foar in studint.

Trefwurden: 
Ljouwert LEIP
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)