Grutte Pier-game oer in pear wike klear

24 aug 2015 - 18:12

It kompjûterspul mei dêryn Grutte Pier giet oer in pear wike online. It kin fan 10 septimber ôf spile wurde op de site www.crossofthedutchman.com. Haadrolspiler is de Fryske folksheld Pier Gerlofs Donia. Hy fjochtet tsjin de Saksen neidat syn doarp Kimswert platbaand en syn frou Rintsje fermoarde is.

Triangle Studios yn Ljouwer hat it spul ûntwikkele. It wurk kaam yn 2011 stil te lizzen omdat der gjin jild mear wie. Yn 2013 koe it wer oppakt wurde en no it de game dus klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)