Jubileumfeest fuotbalklup VIOD yn Driezum útsteld

24 aug 2015 - 16:26
  • VIOD Driezum bestiet 50 jier

It 50-jierrich jubileumfeest fan fuotbalferiening VIOD fan Driezum wurdt mei in jier útsteld. Earelid Meent Boersma is slim siik. Hy hat 43 jier bestjoerslid west, wêrfan 40 jier ponghâlder. Ut respekt foar syn fertsjinsten hat de jubileumkommisje besletten de feestlikheden op te skowen nei septimber takom jier.

It jubileum soe grut fierd wurde. Sa is der in boek, in film en in revu makke oer it 50-jierrich bestean fan de feriening. Fuotbalkritikaster Johan Derksen soe de ferboude kantine iepenje. Der stie boppedat in reüny op it program.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)