"Nextlevel-skoalle moat better ûnderwiis jaan mei kompjûter"

24 aug 2015 - 14:08

De saneamde Nextlevel-skoalle hat de takomst. Dat fine in soad skoallen en ûnderwiisorganisaasjes. It ûnderwiis wurdt better troch digitale helpmiddels. De kompjûter sjocht it skoalwurk nei en lesstof wurdt op ferskate nivo's oanbean. De learkrêft hat sa mear tiid om bern te helpen.

Fjouwer PCBO-skoallen yn Tytsjerksteradiel dogge sûnt dit skoaljier in proef mei de digitale skoalle. De provinsje Fryslân besiket alle Fryske basisskoallen uterlik takom jier mei glêstriedynternet te ûntsluten, sadat se allegearre meidwaan kinne.

Trefwurden: 
skoalle ûnderwiis Nextlevel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)