Wethâlder kin libje mei net trochgean plan Blomketerp

24 aug 2015 - 13:08
  • Wethâlder Caroline de Pee
  • De skyline fan Frjentsjer bliuwt foarearst sa

It ambisjeuze 'Trije skoalle-plan' op Blomketerp yn Frjentsjer giet net troch. Der is jierren oan wurke. Twa iepenbiere basisskoallen en de kristlike skoalle soene ûnder ien dak komme by it swimbad. It plan kaam ferline jier al faai te stean, doe't it bestjoer fan de iepenbiere skoallen nei bûten brocht dat se yn it sintrum bliuwe woe. En no hat de oare partij besletten om nij te bouwen yn it sintrum.

Dat is in streek troch de rekken fan de gemeente, mar wethâlder Caroline de Pee hat der dochs frede mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)