Supermerk yn Eastermar doart online konkurrinsje oan

24 aug 2015 - 11:52

De supermerk yn Eastermar is net benaud foar konkurrinsje as it giet om it online bestellen en besoargjen fan boadskippen, lykas Albert Heijn bygelyks oanbiedt. Yn Eastermar wurdt dit al twa jier mei súkses dien. De online-service soarget foar goed 30 persint fan de omset. Eigener Sjouke Wijnsma ferwachtet dat dat sifer noch groeie sil.

Wijnsma ferwachtet net dat de konkurrinsje yn alle Fryske doarpen besoarget, en dat docht hy wol. Boppedat wurde de boadskippen troch frijwilligers besoarge. Dêrtroch kinne de kosten leech bliuwe.


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)