Ljouwerter (31) oppakt mei speed yn Nieuw-Buinen

24 aug 2015 - 10:33

In 31-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan snein op moandei yn Nieuw-Buinen oppakt om't er alve gram speed by him hie. Hy waard trapearre by in kontrôle op it Dwarsdiep. De Ljouwerter siet as byrider yn de auto by in 27-jierrige man út Musselkanaal.

De drugs binne yn beslach naam. De Ljouwerter moast mei nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)