Twa manlju ûnderút mei snorfyts yn Snits

24 aug 2015 - 10:13

Twa manlju út Snits binne sneintejûn op de Lemmerwei yn Snits mei de snorfyts ûnderút gien. It duo wie nei alle gedachten ûnder ynfloed fan drugs. Omstanners fûnen in man (21) op it fytspaad en hawwe de plysje belle. De man hie lêst fan de holle en wie net goed oansprekber. Hy koe de plysje wol fertelle dat er achterop de snorfyts siet en fallen wie.

De plysje hat doe de bestjoerder (28) oanhâlden, om't dy mooglik ûnder ynfloed wie. Hy hie in boltsje speed en twa xtc-pillen by him. Dat is yn beslach naam. Syn maat is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)