Kollum: "Post Fakânsje Disoarder"

24 aug 2015 - 07:52
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Yn de simmer ha wy in pear gast-kollumnisten. Ien fan harren is skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum. Hy publisearre oant no ta fjouwer romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012) en Bedoarne hannel (2014). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan SC Hearrenfean.

"Kinne jim it fenomeen dat ik mar foar it gemak Post Fakânsje Disoarder neamd ha? It is dus net in wittenskiplik ûndersochte stoarnis foarsafier't ik wit, mar miskien soe dat ûndersyk noch wolris moatte. De sykte duorret sawat in wike as trije, fjouwer.
It is in tige nare stoarnis. Ik sil it besykje út te lizzen. It gros fan de Nederlanners, en dus ek Friezen want dy hearre dêr no ienkear by, ha de ôfrûne tiid harren fakânsje opnaam. Dat is op himsels net ferkeard, mar wat der efterwei komt is dat yn in soad gefallen wol. De Post Fakânsje Disoarder lit him yn in ferskaat oan foarmen sjen. Sjoch, it doel fan de fakânsje is foar in soad minsken om de akku wer op te laden. Dit freeslike klisjee wurdt oandroegen as je minsken freegje nei ien fan de wichtichste redenen wêrom't se in wike as wat fuort west ha. 'Ja, ik ha de tank wer lekker fol,' sizze se dan. By my geane de nekhierren dan rjochtoerein stean. In typysk gefal fan de Post Fakânsje Disoarder leit op de loer. Want dy akku, dy tank, is sa fol dat der op knappen stiet. Dan komt de Post Fakânsje Disoarder wol hiel ticht by.

It nare oan in part fan de minsken dy't folslein opladen binne is, dat se miene ergens wat oer te seuren ha moatte. De meast ferskriklike wiken fan it jier brekke oan. Want se ha wat te eameljen oer sawat alles dat se sjogge. Is dat jim wolris opfallen?
Of begjint it no sear te dwaan of hjir en dêr wat te skjirjen omdat jim jimsels der yn werkenne? Wurde jim lilk op de kollumnist? Dat is prima.
In foarbyld: De by foarkar mei in glêd skearde plasse en yn strak pak optúgde topferkeaper komt, nei trije wike Itaalje, oan de kop ta fol adrenaline op it wurk, bliuwt fiif tellen yn de doariepening stean en sjocht it hear oer. No, bergje dy dan mar, want syn eachopslach is ien fan: 'De earste dy't ik no tsjinkom is swier de pineut. Dy sil ik wol efkes sizze dat ik der fanôf hjoed wer bin en dat alles no oars en better sil.'
Dy útdrukking.
Of, noch sa'n foarbyld, de minsken dy't miene earne wat oer melde te moatten. Oer in hage, in tegel yn in fytspaad, de klean fan buorfrou, de waarfoarsizzing fan Piet, oeral oer.

Tafallich of net tafallich (tafal bestiet net) kaam it ûnderwerp ter sprake yn in petear mei in bekende fan my. Dy sei dat dit gedrach fan minsken faaks te ferklearjen is as kompensaasje foar ûnbefredigjende relaasjes, saai wurk en gefnuikte ambysjes yn kombinaasje mei de ûnmacht om dêr wat oan te dwaan. Dan wurdt in loslizzende tegel, in fjoerkoer dy't neffens buorman krekt wat tefolle rikket of in oare lytse futiliteit samar hiel grut en ûnderwerp fan bûtenproporsjonele reaksjes yn kranten, op sosjale media en yn petearen tusken minsken.
En ik wurd dêr sa moedeleas fan.

De wiken nei de fakânsje kinne my net gau genôch foarby wêze. Want wat is der no echt wichtich yn it libben?
De Post Fakânsje Disoarder is in ferfelende oandwaning dêr't ik it medisyn sa ien twa trije net foar betinke kin. Mar ik ergerje my der alle jierren bûnt en blau oan. It fenomeen jout him meastal del as de blêden fan de beammen yn de hjerstkleuren komme, let mar op. Dat is de tiid dat oeral de skerpe rântsjes wat fan ôfgeane. Lit it dan mar gau winter wurde. De tiid dat de minsken binnendoar sitte en de ferlieding der net mear is om je te ergerjen oan in oar syn gersmeaner dy't lawaai begjint te meitsjen as jo krekt, nei in lange dei, mei in glês kâld drinken yn de tún je deljaan wolle, of it gestjonk fan de safolste barbekjû mei geandewei oanboazjend byhearrend dronkemanspraat.
Miskien soe in bytsje neitinke foardat je dêr, mei jo folle akku, fuortendaliks as in troch in wesp stutsen oer begjinne te skellen, beljen of skriuwen ek helpe. Eamelje oer dizze kollum is fansels wol tastien."

Folgje Ferdinand de Jong op Twitter. Moarn wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)