Trije blauwe kaarten foar ien partoer yn Bitgum

23 aug 2015 - 17:52

Der wie snein in opmerklike aksje fan skiedsrjochter Henk van der Zee op de frije formaasjepartij yn Bitgum. Hy joech trije blauwe kaarten oan ien partoer. It gie om it partoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Sy krigen de kaarten omdat sy neffens de skiedsrjochter te let op it fjild wiene foar de heale finale.

In blauwe kaart smyt yn it keatsen in skorsing op. It is oan de tuchtkommisje om de krekte ynhâld fan dizze skorsing te bepalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)