Skiermûntseach krijt seis 'trochstreamwenten'

23 aug 2015 - 11:51

Op Skiermûntseach wurdt moandei begûn mei de bou en ferbou fan seis trochstreamwenten. Dizze hierwenten binne bedoeld foar minsken dy't op it eilân wurkje, mar der gjin hûs fine kinne. Sy kinne tydlik wenje yn ien fan de trochstreamwenten. As dat befalt, kinne se nei in keapwente ferhúzje. De gemeente hat hjirfoar in gebou oan de Langestreek kocht. Dêryn komme op de boppeferdjipping fjouwer apparteminten.

De besteande apparteminten oan it Kerkelaantje krije in opknapbeurt. Op Skiermûntseach wurdt moandei begûn mei de bou en ferbou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)