Twa manlju oppakt foar kabelstellerij yn Snits

23 aug 2015 - 10:37

In 35-jierrige Snitser en in man fan 42 út Lelystêd binne yn de nacht fan sneon op snein oppakt foar stellerij. In tsjûge seach de twa yn in boukeet op in terrein oan de Pottersylstrjitte yn Snits. Hy warskôge de plysje. Dy trof de manlju oan op it bouterrein.

De Snitser hie harddrugs by him. Yn de boskjes fûn de plysje noch twa tassen mei kabels. It guod is yn beslach naam foar fierder ûndersyk. Beide fertochten sitte fêst foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)