Ferfelende Harnzer oanholden yn Snits

23 aug 2015 - 09:46

In 45-jierrige Harnzer is sneontenacht oppakt doe't er op stap wie yn Snits. Omdat er him ferfelend gedroech, wie er in kroech útset. Syn freonen besochten him del te bêdzjen, mar dat slagge net. Eefkes letter foel er klanten fan in snackbar en minsken op strjitte lestich. Dêrop waard er oanholden.

De man fersette him. Mei geweld wist de plysje him ûnder kontrôle te krijen. De Harnzer sit fêst op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)